L'Internationale
Eugène PottierFRISONE OCCIDENTALE [3] / WEST FRISIAN [3] | |
DE YNTERNASJONALE Oerein! Unmachtigen fan ierde, Oerein! Wy binne't langer sêd, En forset jim tsjin hwat oaren liede, Mar kom har biwapene oer't mêd. Dien binn' alle ûnderdrukkingtinzen, Oerein nou, slaven fan't kaptael, Wy woll' libje yn ús eigen grinzen en brûke nou ús eigen tael. Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! De steat fordrukt, de wet es leagen, De rikerts brûke it regear. Sa wurdt ûnrjoocht stees ta rjocht forhege, Earmoed waekst noch jimmer mear. Wy binne't sêd nei oarmans wil to libjen, Maten sjoch hoe't de striid oeral baernt. Foar in takomst sill' wy nou stribje Dy't de minske noch net aent. Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! Foar oarloch litt' wy ús net brûke, Wy hawwe sels in oar bilang, Wy kinn' sels ús eigen wein wol lûke En de hearskers meitsje ús net bang. Wy kinn' sels bitinke en kedize, Wy ha't waskjen fan ús brein wol troch. Wy sill' sels ús eigen maetskip kieze: Fan de âlde hawwe wy ús nocht. Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! | DE YNTERNASJONALE Kom op, ferskopten dy't wy binne dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk. Wy, dy't allinne neat bigjinne, meitsje meiinoar de rekken lyk. Fierstemin noch hawwe wy te sizzen, en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael. Ferdom it langer krûm te lizzen foar dat ferrekte kapitaal! Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier Dat troch d'Ynternasjonale Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd. Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier. Dat troch d'ynternasjonale Wy minske binn' op ierd. |